Nij fytspaad iepene tusken Ljouwert en Boksum

22 sep 2015 - 10:39

It nije fytspaad tusken Ljouwert en Boksum is tiisdeitemoarn feestlik iepene. De fytsers waarden troch de gemeente Ljouwert traktearre op Vrij-Baan sûkelade. It nije fytspaad leit by de spoarline fan Ljouwert del nei Snits en is in koarter alternatyf fan it hjoeddeistige fytspaad oer de Newton- en Hendrik Algrawei.

De oanlis fan it fytspaad wie ûnderdiel fan it projekt Ljouwert Vrij-Baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)