Nij fytspaad Gaast - Ferwâlde

20 des 2004 - 11:37

Nei tsien jier is sneon lang om let it nije fytspaad tusken Gaast en Ferwâlde iepene. Der is jierren steggele tusken it Fryske Gea, de gemeente en de provinsje oer it krekte plak fan it fytspaad en de finansiering.

It fytspaad rint dwers troch de lannen en biedt in feilige ferbining foar de skoalbern út Gaast dy't nei Ferwâlde moatte. Earder fytsten dy oer in gefaarlike dyk mei in soad ferkear. It fytspaad hjit 'it Nije Binnenpaad'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)