Nij fytspaad by Achlum

22 jul 2006 - 10:31

It hat goed 50 jier duorre mar freed binne de doarpen Hitzum en Achlum lang om let mei in fytspaad oan elkoar ferbûn. It fytspaad makket diel út fan de provinsjale haadfytsrûte fan Fryslân. De gemeente Frjentsjerteradiel hat it 3,5 ton kostjende betonpaad betelle.

De doarpen binne bliid mei it nije fytspaad. Foaral omdat it foar de nei skoalle fytsende bern in stik feiliger wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)