Nij fuotbalfjild yn Jistrum

22 apr 2007 - 13:02

Fuotbalferiening Jistrum hat sneontemiddei it kompleet renovearre haadfjild offisjeel yn gebrûk naam. It fjild hat nij gers, nije goals en in oar stek krigen. Yn it ferline waarden wedstriden yn Jistrum gauris ôfsein, omdat der mei wiet waar net spile wurde koe op it fjild. Mei it nije fjild is dat oer. Ald- terreinbehearder Geert Kootstra knipte sneon it lint troch. Dernei lieten de jeugdleden ballonnen op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)