Nij Frysk Sjongersgala

23 apr 2012 - 09:44

De Fryske sjongers Anneke Douma, Griet Wiersma, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra komme mei in Frysk Sjongersgala. Dat wurdt 16 novimber holden.

De fjouwer sjongers trede dan sels op, mar der binne mear artysten frege. Sa dogge Gerbrich van Dekken en Marcel Smit ek mei. Alle artysten trede solo op, mar ek mei-elkoar. Spesjaal foar it Frysk Sjongersgala wurde nije lieten skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)