Nij Frysk Museum stap tichterby

01 nov 2006 - 10:26

It Frysk Genoatskip, it Fries Museum en de Kanselarij binne it iens oer de nijbou fan it Frysk Museum. Dat litte se yn in brief oan de provinsje witte. Dêryn stiet dat de trije partijen de tûkelteammen dy't der noch binne yn ûnderling oerlis tinke op te lossen.

It skriuwen is in opstekker foar de provinsje. Dy fynt dat no oan alle betingsten fan de Steaten foldien is. CDA-fraksjefoarsitter Van der Ham is lykwols noch net tefreden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)