Nij Frysk hûs yn Noardfryslân

30 mrt 2010 - 10:24

Yn Noardfryslân yn it noarden fan Dútslân sille trije Noardfryske organisaasjes ûnder ien dak krûpe yn de stêd Bräist(Bredstedt). It giet om de Friesenrat, de Friisk Foriining en de Nordfriesischer Verein. In mearderheid fan 'e leden hat dit moandeitejûn besletten.

Der wie noch wol in pittich debat oer it festigingsplak, want in minderheid hie in foarkar foar in plak middenyn it Noardfryske taalgebiet, lykas Naibel (Niebüll) of Risum-Lindholm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)