Nij fragmint Aldfrysk weromfûn

07 apr 2014 - 11:48
  •  It nije stik Aldfrysk út de Codex Unia út 1485

Undersiker Han Nijdam fan de Fryske Akademy yn Ljouwert hat in nij stik Aldfrysk fûn. It giet om in fragmint út de ferlerne Codex Unia út 1485. Nijdam fûn de tekst werom yn in boek fan de 16e-ieuske skiednisskriuwer Simon Abbes Gabbema. Gabbema hie de fragminten Aldfrysk yn de kantline skreaun fan in boek. It weromfûne fragmint giet oer de keningen Karel en Redbad.

De Codex Unia is sa wichtich, omdat it in byld jout fan it Frysk sa't dat praat waard yn de tolfde ieu. De oare âldste Fryske teksten stamme pas fan ein fyftjinde ieu.

It nije weromfûne fragmint is te ek beharkjen op de app Vogala. Nijdam hat de fragminten sels ynsprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)