Nij foarterrein Tsjongerskâns

28 apr 2009 - 08:36

It foarterrein fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean wurdt opnij ynrjochte. Dit wurdt dien nei oanlieding fan klachten oer de smelle dyk foar de haadyngong. Ek binne der te min út- en opstapplakken en parkearfoarsjennings foar bygelyks taksybuskes.

De oprit fan it sikehûs wurdt breder makke en der komme nije parkearplakken foar ynfaliden. Begjin takom moanne wurdt mei de wurksumheden úteinset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)