Nij fleanskema min foar piloat

21 nov 2006 - 11:32

De proefmaatregel fan 'e Fleanbasis Ljouwert tsjin lûdoerlêst makket it foar piloaten dreger, seit kommandant Ruis. Mei omwenners yn de doarpen is in nij flechtskema ôfpraat. Inkeld op moandei en tiisdei sil der tenei nachts flein wurde. Dat is no ien kear yn de twa wiken in hiele wike.

It nije skema komt de piloaten minder goed út. Se wurkje oant healwei twa-en nachts en moatte de oare deis dan wer op 'e tiid op it wurk wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)