'Nij fleanfjild by Drachten'

15 sep 2006 - 14:54

Drachten moat in nij, grutter fleanfjild krije, mei mear saaklike flechten. Oan dat plan wurket it bestjoer fan it fleanfjild yn Drachten. Dat nije fjild moat komme oan de eastkant fan de besteande airstrip, net fier fan de A7 nei Grins.

Dat sei foarsitter Bert Middel fan it fleanfjildbestjoer freedtemiddei by de iepening fan in nije hangar foar ultralightfleantugen op it besteande fleanfjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)