Nij feteraneprojekt definsje

31 okt 2008 - 11:56

Alde en jonge Fryske feteranen mei-inoar yn kontakt bringe. Dat is it doel fan in spesjaal klusprojekt fan it ministearje fan definsje. It projekt is bedoeld foar jonge feteranen dy't nei in útstjoering te krijen ha mei problemen.

Definsje wol har yn kontakt bringe mei âldere feteranen dy't help sykje foar it dwaan fan putsjes om hûs hinne. De tsjinprestaasje is dat der in petear fierd wurdt oer it wurkjen as soldaat yn it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)