Nij ferkearsboek Tomke

07 sep 2010 - 13:53
  • Foto: Oetze Deelstra, Omrop Fryslân

It earste Tomke Ferkearsboek is tiisdei oerlange oan boargemaster Ter Keurs Ljouwerteradiel. Dat wie op pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens. Yn it boek stean ferskers en ferhalen oer Tomke yn it ferkear. By it boek sit ek in cd mei lietjes.

Septimber is de moanne fan it Fryske boek. It Tomke Ferkearsboek is it nije aksjeboek foar bern dat dit jier as tema byldtaal hat. It Tomkeboek slút dêrby oan mei stopljochten, sebrapaden en ferkearsbuorden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)