Nij fanfarekampioenskip

04 apr 2009 - 16:02
  • Fanfare is net mear sa populêr

De fanfarekorpsen yn Fryslân sitte yn it slop. De belangstelling rint hurd achterút en dêr moat wat oan dien wurde. De stifting fan it Frysk fanfarefestival wol dêrom fan takom seizoen ôf in ûnderlinge kompetysje opsette.

Neffens de stifting soe in kompetysje de jeugd wer waarm meitsje kinne foar fanfaremuzyk. Yn april takom jier sil it earste iepen Frysk fanfarekampioenskip plakfine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)