Nij fakânsjepark yn Wytmarsum

17 apr 2013 - 06:28
  • plaknammeboerd Wytmarsum

Rekreaasje-ûndernimmer Gerke Boersma hat in tal ynvestearders fûn om 59 fâkânsjewennings op bûtenpleats It Fliet by Wytmarsum bouwe te litten. De bou hat lang op him wachtsje litten. Troch de krisis wie it dreech om goed 15 miljoen euro te finen foar de bou fan it fakânsjepark.

Boersma wol sa gau mooglik los mei de bou om yn juny 2014 al de earste gasten ûntfange te kinnen. De fakânsjewennings wurde boud troch Jorritsma Bouw en ferhierd troch Hogenboom Vakantieparken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)