Nij EVT-skip fart freed

28 mrt 2012 - 20:36
  • De Spathoek

It nije skip De Spathoek fan de Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) sil freed foar it earst farre tusken Harns en Skylge. De ôffearten fan it nije skip sille yn de simmerperioade trije kear deis wêze.

De Spathoek kin yn tsjinstelling ta foargonger De Stortemelk ek auto's ferfiere. De EVT hie der ferline jier simmer al mei farre wold, mar de ynspeksje fan Ferkear en Wettersteat fûn de rêdingsflotten net feilich genôch.

De EVT hat dy âlde flotten no ferfongen troch in modern Marine Evakuaasje Systeem. Dêrby wurde de flotten mei in saneamde 'shoot' yn it wetter litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)