Nij Europaplein ôfkard

29 mrt 2013 - 12:01

As it oan de advyskommissje Hûs en Hiem leit, kinne de fernijingsplannen foar it Ljouwerter Europaplein de prullebak yn. De plannen foar in turborotonde passe net yn it karaktaristike plaatsje fan it plein. Foar de kommissje is dat in wichtich argumint om net mei te gean yn de plannen.

It advys fan Hûs en Hiem is net binend, mar dochs hat de gemeenteried sein dat it in swierwaagjend argumint yn de diskusje wêze sil. Wethâlder Thea Koster is fan doel opnij nei de gemeenteried te gean om te freegjen hoe't it fierder moat.

As de gemeenteried it advys net neist him dellizze wol, sil it plan oer moatte en sil de oanpak fan it Europaplein yn alle gefallen fertraging oprinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)