Nij drainaazjesysteem lânbou

07 aug 2014 - 12:46
  • Nij drainaazjesysteem om sâlt grûnwetter tsjin te hâlden

In nije foarm fan drainaazje moat foarkomme dat de Fryske lânbou lêst kriget fan sâlt wetter. Dat sâlte wetter sit altyd al yn de Fryske grûn, mar troch it omheechkommen fan de seespegel, boaiemdelgong en klimaatferoarings komt it sâlte wetter hieltyd heger. Dat is min foar minder de opbringst fan de gewaaksen.

De oplossing soe in nij drainaazjesysteem wêze dat derfoar soarget dat in tsjûkere laach swiet wetter boppe-op de sâlte laach achterbliuwt. It nije systeem wurdt takom jier úttest op in pleats by Hjerbeam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)