Nij Drachtsterplein went gau

03 okt 2011 - 16:34

Ferkear op it Drachtsterplein yn Ljouwert begjint al aardich te wennen oan de nije situaasje. It plein is sûnt begjin septimber in stjerrotonde. De stopljochten binne fuorthelle.

Ferkear dat de rotonde op wol, moat foarrang jaan. Dat soarge foar in soad oanridings. De gemeente hat dêrnei de feroarings dúdliker oanjûn. Ferline wike binne der noch ekstra knipperljochten bykaam. In soad automobilisten swalkje no noch wol fan de iene nei de oare baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)