Nij doarpshûs Terkaple/Eagmaryp

01 feb 2003 - 00:00

De 300 ynwenners fan de doarpen Eagmaryp en Terkaple hawwe nei acht jier skreppen no in eigen multifunksjoneel sintrum. It Heechein, sa't it hjit, waard sneon iepene. Yn it doarpshûs is ek in sportsealtsje en in pjutteboartersplak ûnderbrocht.

Troch in protte sels te dwaan hawwe de bewenners de kosten op sawat 50.000 euro hâlde kinnen. Benammen frijwilligers sille de aktiviteiten draaiende hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)