Nij doarpshûs foar Surhuzum

20 jun 2003 - 00:00

Surhuzum krijt in doarpshûs, sa hat de gemeenterie fan Achtkarspelen beslist. It nije gebou wurdt tsjin it gymnastyklokaal oanboud. It bestiet út in gearkomsteromte, in muzykseal en in foyer.

De jongerein sil ek in plakje krije yn it nije doarpshûs, mar hoe't dat derút komt te sjen is noch ûndúdlik. Yn alle gefallen moatte keten en caravans dy't no yn gebûk binne by de jeugd ticht as it doarpshûs klear is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)