Nij: doarpekompetysje keatsen

06 apr 2010 - 11:42
  • Foto: Omrop Fryslân

Fjouwer keatsferienings yn Littenseradiel komme yn maaie mei in eigen doarpekompetysje. Sa soene junioaren langer by it keatsen bliuwe moatte. De inisjatyfnimmers hoopje dat der ek mear publyk op de wedstriden ôfkomt.

Der dogge in frouljusteam, in manljusjunioareteam en in manljussenioareteam mei. De earste wedstriid is op 12 maaie en de finale is op 30 juny yn Wommels. By de manlju senioaren wurdt in wikselspiler ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)