Nij doarp yn Dantumadiel?

20 nov 2003 - 00:00

De bou fan in nij doarp yn Dantumadiel moat in ein meitsje oan te min wenrûmte en foarsjenningen en wurkleazens. De gemeente docht mei oan in lanlik projekt dat it bouwen fan nije doarpen promoatet.

Trije arsjitekten ha in ûntwerp makke fan hoe't it nije doarp derút sjen kin. Wethâlder Jouke Dantuma joech tongersdei mei in bus in rûnlieding lâns de plakken dêr't it nije doarp komme kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)