Nij distribúsjesintrum Laurus

11 jun 2003 - 00:00

Supermerkkonsern Laurus iepenet yn Drachten in nij distribúsjesintrum foar djipfriesprodukten. It komt yn it gebou fan it eardere distribúsjesintrum fan Unigro op yndustryterrein De Haven. Der wurdt ek noch 5000 kante meter byboud.

Laurus sil fanút Drachten de helte fan de supermerken yn Nederlân foarsjen fan produkten. Dat binne 350 winkels. De útwreiding smyt foar 60 minsken wurk op. It sintrum moat oer in jier iepene wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)