Nij distribúsjesintrum Bergsma

08 sep 2009 - 19:28

Gruthannel Bergsma yn Makkum begjint in nij distribúsjesintrum foar syn tabaksartikels. It sintrum wurdt opset mei de Sligro Food Group. Doel is dat yn it sintrum de ynkeap, opslach en oarderferwurking tsjin sa leech mooglike kosten dien wurde. Beide bedriuwen tinke troch it sintrum in bettere konkurrinsjeposysje te krijen.

It nije sintrum komt yn Venlo. Bergsma wurdt foar sechtich prosint eigner, de Sligro Food Group foar de oare fjirtich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)