Nij digitaal neislachwurk

30 jun 2010 - 07:23

Der komt in Taalportaal foar de Nederlânske en Fryske taal. Dat is in digitaal neislachwurk, in webside, dy de kommende fjouwer jier makke wurdt troch tal fan universiteiten en de Fryske Akedemy.

It is in primeur yn de wrâld, want der binne noch gjin Taalportalen. Ek net fan talen as Ingelsk en Frânsk. Minsken kinne oer in pear jier fia ynternet de grammatika, sinsbou en klanken fan it Nederlânsk en it Frysk bestudearje of neisykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)