Nij digitaal helpmiddel foar meitsjen taalbelied gemeenten

27 okt 2015 - 13:24

De Afûk hat in digitaal helpmiddel ûntwikkele foar gemeenten dat helpe moat mei it gearstallen fan it taalbelied. In soad Fryske gemeenten binne ambisjeus op it mêd fan de Fryske taal, mar hawwe it kwealik oan tiid om dêrmei oan de slach te gean. Dêrom hat de Afûk in webside makke dêr't gemeenten 99 fragen beantwurdzje kinne.

Oan de hân dêrfan krije de gemeenten in opset foar it taalbelied. Dat foldocht oan alle easken, mar kin fansels noch oanpast wurde oan de winsken fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)