Nij buro foar toerisme

14 apr 2004 - 00:00

Fryslân Marketing begjint 1 maaie. It nije promoasjebureau foar Fryslân is de opfolger fan it NNBT. Dat toerismeburo gie ferline jier fallyt. It nije buro wurdt in lytse organisaasje mei ien direkteur en twa meiwurkers. Om't de organisaasje lyts is, wurdt in soad inisjatyf fan rekreaasje-ûndernimmers ferwachte.

Yn de nije opset krije de regio-VVV's ek in folle gruttere rol. De provinsje stekt 350.000 euro yn Fryslân Marketing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)