Nij bouplan foar Terherne

19 mrt 2003 - 00:00

Op en by de âlde iisbaan fan Terherne moat in haven mei huzen komme. It is in mienskiplik plan fan de gemeente Boarnsterhim en partikulier ûndernimmer Terherne-haven fan Bram Maasdam dy't no al Varend Friesland eksploitearret.

It nije kompleks moat al-mei-al fjouwer miljoen euro kostje. Dêrby wurdt rekkene op subsydzjes. Der komme 19 havenhúskes mei likefolle keapwenten en tusken de 20 en 40 lisplakken foar âlde skippen fan 50 jier en âlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)