Nij boereblêd 'Nieuwe Oogst'

15 maaie 2005 - 16:11

Leden fan boereorganisaasje LTO-Noord krije in nij blêd yn de bus. Nieuwe Oogst ferfangt it âlde Lânboublêd en ferskynt tenei alle sneonen. Neist in diel mei algemien lânbounijs is der ek in diel dat him op in spesjale sektor rjochtet. Dat kin de feehâlderij of de túnbou wêze.

Fan it blêd wurde 65.000 eksimplaren printe. Dy geane net allinne nei de leden fan LTO-Noord, mar ek nei dy fan de ZLTO en LLTB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)