Nij boek Jack Kooistra útjûn

15 jun 2013 - 11:43
  • Jack Kooistra

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hat sneontemoarn it earste eksimplaar fan it boek 'Repressailles in Friesland, Gewetensvol verzet', fan Jack Kooistra krigen. Dit barde op de Feteranedei dy't yn it WTC yn Ljouwert plakfûn. It giet om it twadde diel út in rige fan 13, dy't yn 2015 allegear útjûn wêze moatte. Yn dit diel is in list opnommen fan alle Friezen dy't troch de Dútsers fusilleard binne as repressaille op in fersetsdied. Kooistra fertelt wa't dit wiene en wat se dien ha.

De 83-jierrige skriuwer Kooistra wurdt by it ûndersyk holpen troch ûnder oare de eartiidse sjoernalist Auke Piersma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)