Nij blêd foar âlderein

20 feb 2004 - 00:00

In 'lifestyleblêd' foar âlderein, dat wurdt fan freed ôf útbrocht troch Soarchkwadrant East. Trener Foppe de Haan en foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean krigen freedtemoarn de earste eksimplaren.

'Nu en later' stiet fol ynformaasje oer maatskiplike ûnderwerpen, oer sûnens en wolwêzen, mar ek oer de eigen regio. It blêd sil fjouwer kear yn it jier ferskine yn Dantumadiel, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)