Nij blêd foar ûndernimmers

15 jan 2012 - 10:28
  • Gemeente Kollumerlân

De gemeenten yn Noardeast-Fryslân komme dit jier mei in eigen ûndernimmersmagazine. Doel derfan is om ûndernimmers op de hichte te stellen fan alderhande gemeentlike ynformaasje. Fierder komme der ek artikels yn oer de ûndernimmers sels en is der romte foar nijs út de hiele regio Noardeast-Fryslân.

De gemeenten wurde holpen by it meitsjen fan it blêd. Se krije stipe fan de organisaasje Ondernemend Friesland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)