Nij Bethanië yn Tsjummearum makket mooglik 'trochstart'

09 mrt 2016 - 16:17
  • Nij Bethanië yn Tsjummearum

De nije eigener fan it soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum sjocht mooglikheden om der dochs wer in folslein soarchkompleks fan te meitsjen. Ferline jier gie it sintrum ticht, omdat der hieltyd minder bewenners wiene. De njonkenlizzende oanleunwennings binne oernaam troch soarchsintrum It Bilt.

De organisaasje hat no, tegearre mei de wenningboustichting, ûndersyk dien nei de mooglikheden foar de fierdere ûntwikkeling fan it soarchsintrum. It is de bedoeling dat der nei de simmer alwer 24 minsken wenje.

De plannen wurde woansdeitejûn bepraat op de jierlikse ledegearkomste fan Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)