Nij Bethanië fiert aksje

06 mrt 2013 - 20:15

Personielsleden fan soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum komme yn aksje omdat se benaud binne foar sluting. Troch de plannen fan it regear komt it fuortbestean fan fersoargingshuzen yn gefaar. It belied is dat minsken langer op harsels wenjen bliuwe moatte, en dus net gau terjochte kinne yn in fersoargingshûs. Nij Bethanië soe dêrfan de dupe wurde kinne, omdat it hûs al âld is en eins oan nijbou ta is.

De gemeente Frjentsjerteradiel en wenningstifting Wonen Noordwest Fryslân hawwe plannen om fan Nij Bethanië in modern wen- en soarchsintrum te meitsjen. Ek oare foarsjennings lykas de skoallen en de húsdokter soene dêr plak yn krije kinne. Mar troch it kabinetsbelied rint it soarchsintrum yn Tsjummearum gefaar. It personiel makket him grutte soargen. Der binne op it stuit 60 bewenners en der wurkje 80 minsken, wêrûnder in protte parttimers. Tongersdeitejûn sil it personiel aksjefiere foar it gemeentehûs fan Frjentsjer. Letter folgje oare aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)