Nij bestimmingplan bûtengebiet

02 maaie 2012 - 14:54

De gemeente Dongeradiel krijt in nij bestimmingsplan foar it hiele bûtengebiet. Dêr stiet yn wat en wêr't ynwenners bouwe meie en hoe't se de grûn en gebouwen brûke meie. Yn it nije plan krije boeren bygelyks bougrûn fan oardel bunder. Earder wie der sprake fan dat dat twa bunder wurde soe. Troch nije regels fan de provinsje is dat net mear mooglik.

De gemeente hat ek goed op in rychje set wat lânskiplik en kultuerhistoarysk fan belang is yn Dongeradiel.

It nije bestimmingsplan foar it bûtengebiet jildt foar it grûngebiet bûten de doarpen en de stêd. Foar de doarpen sels en foar Dokkum, de Waadsee en de Sintrale As jilde oare bestimmingsplannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)