Nij bensinestasjon op Skier

01 mrt 2001 - 00:00

De gemeente Skiermûntseach sil in nij bensinestasjon bouwe op it eilân. Skier is no ien fan de pear gemeenten dy't sels foar in tankstasjon soarget.

Shell en Texaco binne net ynteressearre yn in pomp op Skier omdat it net út kin. Allinnich eilânbewenners meie yn in auto ride. De gemeente sil nei ferwachting sa'n 30.000 gûne jiers talizze moatte op de eksploitaazje fan it benzinestasjon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)