Nij Beets:âlde boatsjes fuort

08 maaie 2011 - 12:15

Eigners fan fertutearze boatsjes en surfplanken yn Nij Beets moatte dy sa gau mooglik oprêde. Oars rêdt de gemeente dêrmei. Dat hat Opsterlân bekend makke. Yn it doarp lizze in soad boatsjes en surfplanken yn wetter of berm dy't der min oan ta binne.

De gemeente hat de eigners al oansprutsen. Se krigen doe de kâns om se op te rêden. Oant no ta is noch net alles fuort. De boaten en surfplanken dy't der no noch lizze binne troch de gemeente op de foto set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)