Nij Beets yn tv-programma BNN

15 des 2010 - 14:02
  • Boargemaster Ravestein mei de plakette

Nij Beets is in gastfrij doarp. Dat is de ôfrûne dagen dúdlik wurden by opnamen foar it televyzjeprogramma 'Nu we er toch zijn'.

Yn dat programma fan BNN wurdt by minsken oanbelle mei de fraach oft de presintatrise en de kameraploech deryn komme meie foar kofje, in miel iten of in nacht ûnderdak. De ynwenners fan Nij Beets ûntfongen de gasten mei iepen earmen. As beleanning krige boargemaster Ravestein in gouden buordsje foar op it gemeentehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)