Nij bedriuweterrein oan de A7

26 sep 2014 - 11:32
  • Bedriuweterrein by It Hearrenfean

De gemeente Hearrenfean wol in nij bedriuweterrein oanlizze oan de noardkant fan de A7. It terrein moat komme te lizzen tsjinoer it klaverblêd Noard-East. Dat meldt de Ljouwerter Krante.

It bedriuweterrein IBF is hast fol. Wannear't der no in grut bedriuw him festigje wol op It Hearrrenfean dan kin dat net. En dat is skande foar de banen dy't dan oan de noas fan It Hearrenfean en Fryslân foarby geane, seit wethâlder Coby van der Laan fan Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)