Nij bedriuweterrein by Makkum

19 maaie 2006 - 21:03

De gemeente Wûnseradiel hat in akkoart berikt oer de oankeap fan sân hektare grûn oan de Súdeastkant fan Makkum. Mei de grûn wol de gemeente in nij bedriuweterrein ûntwikkelje ûnder de namme 'De Papiermûne'.

It terrein leit súdlik fan it bedriuweterrein 'Tusken de Sylroede' en slút dêrmei goed oan by it al besteande bedriuweterrein. Foardat mei de útjefte fan de kavels begûn wurdt, moat it bestimmingsplan wizige wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)