Nij bedriuweterrein Kollum

17 mrt 2009 - 10:47

Oant no ta hawwe fjouwer bedriuwen serieuze belangstelling foar in kavel op it nije bedriuweterrein Dwarsried yn Kollum. It terrein fan in seis hektare oan de Noardkant fan it doarp is bedoeld foar bedriuwen yn de wettersportsektor.

Projektûntwikkelders Pijnacker en SHP hoopje ynkoarten de earste kontrakten te tekenjen. Tiisdei hat boargemaster Bilker mei in graafmasine in lântonge fuortgroeven. It terrein is no ferbûn mei it wetter fan de Sylsterried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)