Nij bedriuw Romke Kooyenga

15 mrt 2013 - 12:59
  • Romke Kooyenga syn 'dreamauto'

De Dokkumer ûndernimmer Romke Kooyenga stapt yn lúkse auto's. Hy hat mei syn frou Silvana it bedriuw Royal Class directievervoer oprjochte dat lúkse direksje-auto's ferhiere of ferkeapje sil.

Kooyenga wie al in skoft op syk nei in goed ferfiermiddel dat him fan syn hûs yn België nei Dokkum ferfiere kin. Omdat gjin ien auto geskikt wie hat hy sels mar in auto ûntwikkele, dêr't je goed yn wurkje en sliepe kinne. De kaaien fan dy auto waarden freedtemoarn offisjeel oan Kooyenga oerlange troch Joop Atsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)