Nij baaske foar hûnen en katten

26 des 2005 - 11:54

De spesjale kryst-iependei fan it Drachtster biste-asyl De Swinge wie snein in grut súkses. Trije hûnen en trije katten krigen in nij baaske en in nij ûnderkommen. Dat is nedich ek, want it Drachtster diere-asyl sit grôtfol. Dat wie ek de oanlieding foar de frijwilligers om de kryst-iependei te organisearjen.

Der sitte no noch sa'n tweintich hûnen en fjirtich katten yn De Swinge. Oktober 2006 is der wer in iepen dei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)