Nij baanrekord foar Ritsma

19 nov 2000 - 13:54

Rintje Ritsma hat sneon op de 1500 meter in nij baanrekord riden yn Berlyn by de Wrâldbekers. Mei 1:48:61 bleau er de Japanner Noake en de Rus Kibalko foar.

Ferline wike hie de Lemster him by de NK ôfstannen net kwalifisearre. Troch sykte fan Jakko Jan Leeuwangh koe er dochs nei Berlyn. Foar de Fries, dy't foar de TVMploech rydt, is it oardeljier lyn dat er in ôfstân by de Wrâldbekers wûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)