Nij AZC yn Dokkum

25 maaie 2011 - 23:51
  • It âlde AZC yn Dokkum

Dokkum krijt in nij, grut asylsikerssintrum. Dat hawwe de gemeente Dongeradiel en it COA ôfpraat. It is noch net bekend wêr't it sintrum krekt komt yn Dokkum, dat sil de kommende tiid ûndersocht wurde. Yn it AZC sille 10 jier lang 400 minsken komme te wenjen.

Wethâlder Sicco Boorsma ferwachtet dat it sintrum op syn betiidst yn 2013 iepene wurde kin. Hy slút net út dat it hiele ferhaal oergiet as it net slagget in geskikte lokaasje te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)