Nij AZC Dokkum net útsletten

10 sep 2008 - 17:37

It is net útsletten dat der wer in nije opfang foar asylsikers komt yn Dokkum. It AZC yn Dokkum stiet foar maart 2009 op de nominaasje om sluten te wurden.

Wethâlder Appelhof hat nei fragen yn de riedskommisje witte litten dat de gemeente dêroan fêsthâldt. Mar Appelhof slút net út dat der in lytsskaliger opfang komt yn Dokkum. Troch de gruttere tarin fan asylsikers siket it COA ek yn Fryslân nei nije opfanglokaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)