Nij asylsikerssintrum Dokkum

14 apr 2010 - 06:51
  • Yn septimber 2009 gie it azc fan Dokkum ticht

It nije kolleezje fan Dongeradiel is foar in nij asylsikerssintrum yn Dokkum. Tongersdei wurdt it nije kolleezje fan CDA, FNP en Christenunie ynstallearre. De partijen sette de fúzjeplannen mei Dantumadiel fierder troch, skriuwe se yn it koalysje-akkoart.

Ek de oanlis fan de Sintrale As en de westlike rûnwei fan Dokkum binne spearpunten. Albert van der Ploeg (CDA), Tytsy Willemsma (FNP) en Sicco Boorsma (CU) binne de wethâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)