Nij asfalt foar Dragraces

04 mrt 2008 - 21:32
  • De airstrip sil dit jier wer toniel wêze fan de dragraces

De dragraces kinne takom simmer wer gewoan plakfine op de airstrip yn Drachten. Yn 2006 waarden de races noch ferbean troch de Luchtvaartdienst. Troch it rubber fan de autobannen rûn de baan bot skea op. Mar dat probleem is no oplost.

De Dragrace Feriening sil sels in nije baan oanlizze fan 180 meter. Dat kin út no't de feriening in fiifjierrich kontrakt mei de gemeente sletten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)