Nij asfalt foar de A6

25 aug 2014 - 14:34
  • Nij asfalt

Rykswettersteat docht dizze wike ûnderhâldswurk op de A6 tusken De Lemmer en Bant. It giet om it oanbringen fan nij asfalt, markearrings en ûnderhâld oan de fangrail. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei is it stik dyk tusken De Lemmer en Eastersee oan bar, in nacht letter wurdt wurke tusken Eastersee en Bant. Der jildt dan in maksimumsnelheid fan 70 kilometer yn de oere op de A6.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)